De kommisje-Winsemius hat it wynpark Harlingen Seedyk op it each as in plan dat realisearre wurdem moatte soe: 170 meter hege yndustriële mêsten tusken de yndustryhaven fan Harns en Roptasyl. De sammele natuerklups, ynklusyf It Fryske Gea, hawwe posityf op it adfys fan de kommisje reagearre.
Mei net in wurd reppe de sammele natuerklups nóch It Fryske Gea oer it lullige feitsje dat in part fan ien fan de natuergebieten fan It Fryske Gea, ‘De Bjirmen’, presys tusken de yndustryhaven fan Harns en Roptasyl yn leit. En der is al helendal gjin praat troch de sammele natuerklups, noch troch It Fryske Gea, oer it unike hillige plak dat Roptasyl is.… Lês fierder