Blog Daam de Vries: Ministearje fan it Frysk

logo.ensafh

Siet ik juster krekt efkes te bekommen, hiene wy ynienen Sybren Posthumus foar EenVandaag. Ik sil fierder neat ferkeards oer de jonge sizze al koe er om my wolris nei in oare kleanwinkel. It flokt alderferskuorrendst.

Wat my al min nei it sin wie is dat er stie te orakeljen oer selsbestjoer en it foarkomme liet as die er dat út namme fan alle Friezen. It moat net folle idioater wurde.

Lês fierder by DaamLês fierder

Blog: Rely Junior nei Kûbaard

logo.ensafh

Sneon 20 septimber wurdt foar de 60ste kear de Rely Jorritsmapriis útrikt. In Fryske literatuerpriis dy’t elts jier takend wurdt om op dy wize de Fryske literatuer te stimulearjen. Opfallend dit jier; ferskate Rely Junior priiswinners komme fan ien skoalle, it Marne College. Roelof Kooistra fan Kûbaard nimt yn dizze kategory de haadpriis mei nei hûs.

Lês fierder by SokietsLês fierder

Blog Ferdinand de Jong: Ien dei net Facebook

logo.ensafh

Goed.
Ik woe hjoed efkes melde dat der hjir net ien syn of har jierdei hat.
Ek is it sa dat ik hjoed it hiem net meand ha.
Boppedat moat ik tajaan dat ik net foar in skilderij stien ha om der nei te sjen.
Ek is der hjoed gjin bernefoto yn in tobbe fan my online setten.
Ik hie hjoed ek neat te melden oer in te koarte dielnimmerslist.

Lês fierder by Ferdinand de JongLês fierder