Blog Klaas van der Hoek: Poste restante IV

logo.ensafh

In Fries is altyd ferkâlden, neffens it sechje. De militêr Yme Dwarshuis fan Snits, fanwegen de mobilisaasje legere yn Amersfoart, hie der yn juny 1916 flink lêst fan. Dat Mem, stjoer my wat reade bûsdoeken! Dy meie minder deftich wêze as wite (reade of boerebûsdoeken wienen foar troch de wike, wite foar de snein), mar se binne wol grutter.

Lês en sjoch fierder by Klaas van der HoekLês fierder

Blog Wiep Koehoorn: It bêste komt noch (Oer Bernard Smilde)

logo.ensafh

“Ik haw in soad segen hân”, skreau dûmny Bernard Smilde, doe’t hy 80 jier wurde. Nochris tolve jier segen mocht Smilde derby krije. Op 30 augustus 2014 is dûmny Smilde yn Ljouwert ferstoarn. Hy waard 92 jier en koe mei in grut tal minsken weromsjen op in ryk libben.
Op it roubrief skriuwt de famylje: “Mei hert en siel hat hy de lofsang geande hâlden”.
Sa sil in soad kunde fan dûmny Smilde dizze bysûndere man yn harren betinke meinimme.

Lês fierder by Wiep KoehoornLês fierder

Blog Abe de Vries: Ensafh ta oan ynhâldlike weroriïntaasje

logo.ensafh

Foar my op tafel leit ensafh 6-3. Ensafh is it iennichste literêre tydskrift foar Fryske literatuer en telt alve redaksjeleden. De ynhâldsopjefte fan nûmer 6-3 meldt sân fersen (fan Jacobus Smink, Edwin de Groot, André Looijenga, Obe Alkema en Pier Boorsma), trije oersette fersen (Kloos, oerset troch Andries Miedema), seis besprekken (fan Friduwih Riemersma, Tryntsje van der Steege, Janneke Spoelstra, Geart van der Meer, Imke Hooijenga en Babs Gezelle Meerburg), ien ferhaal (fan Anne Feddema) en ien foarpublikaasje út in roman (fan Ferdinand de Jong).

Lês fierder by Abe de VriesLês fierder