Yn 2011 hat útjouwerij Bornmeer it sammele wurk (poëzy en proaza) fan Tjitte Piebenga útjûn. Yn in moaie kassette binne de twa dielen mei ynliedings fan Abe de Vries, Joke Corporaal en Hylke Tromp ferskynd. Yn de opnommen bylagen steane: 1). List fan fersen; 2.) Fersen alfabetysk op titel of begjinrigel; 3). Fotokatern mei famyljefoto’s; 4). Bibliografy en 5). Register op persoansnammen.
Joke Corporaal fertelt oer it libben en it wurk fan Piebenga, Abe de Vries skriuwt in essay oer de poëzy fan de skriuwer, en Hylke Tromp besiket in beskriuwing fan it neffens him wichtichste tema yn it proaza fan syn sweager te jaan – it ferhûddûke jonkje.… Lês fierder