Blog Koos Tiemersma: Om je dea te suteljen

logo.ensafh

Ien fan de Facebookers op myn list mei himsels wolris omskriuwe as ‘jo tsjinstfeint’. Abberaasjes op it mêd fan Fryslân en it Frysk binne foar it gefoel gauris it gefolch fan in al of net bewuste ropping, dat mei dúdlik wêze. Mar wêr’t in feint is, moat ek in ferlosser wêze, betocht ik my. Of in Hillige Faam, ek noait wei. Allinnich, wa binne dat yn ’e goedichheid? Altyd handich om te witten by problemen, net wier? Foar de kwalifikaasje fan ferlosser komt mar ien skriuwer yn ’e beneaming. Mei syn Messiaanse uterlik (as der nochris in Fryske útfiering fan DuPesjun komt, is hý de man) en syn achtergrûn as deagraver is dat fansels Ferdinand de Jong.… Lês fierder

Blog Hinne Wagenaar: De duvel skyt altyd op ‘e grutte bulte

logo.ensafh

(‘Di dîvel scyt jimmer op ‘e gréatste héap.’ Wurdboek fan de Fryske taal. Diel 4. Lemma: divel/duvel).

1.
Yn de simmer fan 2014 wienen der al wer bankiers dy’t mienden dat ‘it systeem’ net sûnder de bonussen koe dy’t gewoan wienen yn de tiid foar de krisis (foar 2008). Dy bonussen wienen perfoarst nedich om harren ‘nederige’ ynkommen te kompensearjen. ‘Toe mar’, rôp doe immen, ‘De duvel skyt altyd op de grutte bulte’. Dat âlde Fryske sprekwurd wurdt faak brûkt wannear’t minsken dy’t ryk binne der noch mear jild by krije. Ommers, jild makket jild.

Lês fierder by Hinne WagenaarLês fierder

Blog: Hâld der mar mei op

logo.ensafh

De Ljouwerter Krante, o nee de Leeuwarder Courant, pakte juster grut út mei twa folsleine siden oer nije Fryske wurden “in het hart”. Dat lêste slacht op it plak yn de Fryslânbylage fan de krante en net op it ûnderwerp dat der behoffene wurdt, lykas bliken docht út de taal dêr’t de redaksje him fan betsjinnet. It ferhaal is yn it Hollânsk mei wat sitaten fan Hindrik Sijens en Geart Benedictus yn it Frysk. Yn ‘e goedichheid: wêrom moat sa’n artikel no yn it Hollânsk? Dan kinne jo wol omtinken jaan oan nije Fryske wurden foar Ingelske ynsloepsels mar in bedrige taal hat der mear profyt fan dat dy yn alle domeinen brûkt wurdt, benammen yn de media.… Lês fierder

Blog Huub Mous: Het Friesland van mijn vader

logo.ensafh

Het heimwee naar het Friese dorp is een verlangen dat eindeloos gekopieerd kan worden in steeds nieuwe varianten op hetzelfde grondpatroon. Zoals de ouden zongen piepen de jongen. Met het heengaan van de bakker, de slachter en de dorpsgek verdween uiteindelijk ook God. Het muziekje van het heimwee naar het dorp kent geen tijd. Zoals Wim Sonneveld nog altijd zingend loopt langs Slagerij J. van der Van en het tuinpad van zijn vader, zo dichtte Obe Postma over de ‘libbensmienskip fan it doarp. Dat er it bûthús koe de skoarre, de tún en de greide’. Het is een universele mythe die sluimert in het collectieve geheugen, als een verbleekt Sneeuwwitje die door elke prins van de poëzie zomaar kan worden wakker gekust.… Lês fierder

Blog Meindert Reitsma: De eagen weidzje litte yn it hôf

logo.ensafh

Doe bruts de sânde dei oan. De lêste dei.

Ik eage de wike oer en seach alles wer foarby kommen. Yn it begjin wie der suver neat, mar stadichoan begûn de sinne te skinen en liet it himelwetter jong grien út de grûn útsprute. It grien woeks fierder nei de sinne en ûntjoech him ta in hôf. In plak dêr’t fisken swimme, fûgels fleane en fee weidet.

Lês fierder by Meindert Reitsma op SkanomoduLês fierder