Blog Abe de Vries: Dichtbondel nû. 7

logo.ensafh

nei De weromkommer yn it ûnlân, In waarm wek altyd, Under fearne goaden, Fangst fan ‘e demoandolfyn, Sprankeskyn en Ravensulver – is wilens klear en sil takom jier as prachtich útfierd boekwurk ferskine by de Gerben Rypma Stifting. Ek in twadde esseebondel is klear; ik sil it besykje en jou dy takom jier op eigen kosten yn it ljocht. Hjir earst in foarpublikaasje út de dichtbondel-noch-sûnder-namme:

Lês fierder by Abe de VriesLês fierder

Blog Johan Veenstra: Een verhael schreven

logo.ensafh

Vandaege he’k in klad een verhael schreven. Et gegeven scheut me in ’t zin doe ’k lessend in et ziekenhuus lag. Daor ha’k tied om nao te daenken en ik hebbe doe op een kladdegien wat netisies maekt over onderwarpen veur drie kollums en een verhael. Ik zal et verhael laeter wel es een keer netties uutwarken en misschien komt et dan nog weer vule laeter wel es in een boek terechte.

Lês fierder by Johan VeenstraLês fierder

Blog Eeltsje Hettinga: Yahya Hassan

logo.ensafh

Ofrûne simmer waard er by in op safe gokkend Poetry International yn Rotterdam bûten de doar holden: de Deensk-Palestijnske dichter Yahya Hassan (19), de angry young man fan de Deenske poëzij. ‘Vind je hem zo goed dan,’ sei in knap earmhertige en bornearde Bas Kwakman, direkteur van ‘Poetry’, oer dy ôfwizing. Yn syn spraakmeitsjende debútbondel Gedichte (2013) jout Hassan yn in lange stream fan ferheljende poëzij stim en lûd oan it geweld, de krimininaliteit en de moslimreligy dêr’t er mei grutbrocht waard. Hy is de dichter fan de botsende beskavings, de slachter dy’t beknypt as er is yn de knier tusken twa kultueren lucht jout oan syn woede tsjin syn âlden, in moslimgeneraasje dy’t mei de hân op de koran sa’n bytsje alles docht wat dyselde koran ferbiedt.… Lês fierder

Blog Tsead Bruinja: Besprek ‘Fallend Ljocht’ fan Eppie Dam

logo.ensafh

Bryk en twaspjaltich ha ik songen – Oer Fallend Ljocht fan Eppie Dam

Yn 1872 skreau in Amerikaanske húsarts oer rare bewegings dy’t syn pasjinten makken. De siiken liken bytiden dûnsers en dus neamde Huntington de oandwaning ‘Chorea’. Dy dûns, dy’t letter nei har ûntdekker ferneamd waard, is him no meester oan it meitsjen fan de dichter Eppie Dam. Dam hat de dûns oannaam, mar net sûnder syn partner noch in pear nije paskes te learen, nammentlik dy fan syn lichthumoristyske, mankelike en sykjende poëzij.

Lês fierder by Tsead BruinjaLês fierder