Blog Eeltsje Hettinga: De fermonopolisearring fan it oersetten

logo.ensafh

Mei de nije, fan ’t simmer troch Deputearre Steaten fêststelde Subsydzjeregeling Kultuer en Mienskip Fryslân slacht in behyplike foarm fan formalisearring fan it oersetten ta. De provinsje jout finansjele stipe foar in oersetting, mar inkeld as dy dien wurdt ‘door een bij het Nederlands Genootschap van Vertalers aangesloten vertaler.’ Fierders jildt it betingst dat ‘de vertaling wordt uitgevoerd door iemand die aantoonbaar beroepsmatig vertaalt.’ It gefolch fan dizze slim diskriminearjende regeling is in fermonopolisearring fan it oersettersfak. De kâns en it gefaar op kwaliteitsbedjêr wurde der inkeld mar grutter op.

Lês fierder by Eeltsje HettingaLês fierder

Blog Daam de Vries: Solidêr

logo.ensafh

Wouter Bos seit dat er yn it ferline as minister fan finânsjes de ûnnoazele kant neist wie. Dat op himsels is gjin nijs mar it is wat mislik om dat no as argumint te brûken om foar de baan dy’t er no hat wer opslach te freegjen.

De soarchkosten rinne gierend út de klau en dat kin sa net langer. Oant safier gjin spul mei my. Der binne by’t soad saken dy’t wol wat koarter troch de bocht kinne sadat de lju dy’t it wurk mei leafde dogge net allegeduerigen opskipe sitte mei saken dêr’t se stress fan krije.

Lês fierder by DaamLês fierder

Blog Abe de Vries: Berufsverbot by provinsje Fryslân

logo.ensafh

Op 1 july dit jier is de nije ‘Subsydzjeregeling Kultuer en Mienskip Fryslân’ troch Deputearre Steaten fêststeld. Nij dêryn is ûnder mear in regeling foar de subsidiearring fan oersettingen. Nij dêryn is ek de eask dat in keunstner – yn dit gefal in oersetter – lid wêze moat fan in beropsgroepfertsjintwurdigjende organisaasje. Allinnich dy oersettingen kinne subsidiearre wurde, wêrfan’t de oersetter ,,een bij het Nederlands Genootschap van Vertalers aangesloten vertaler” is.

Lês fierder by Abe de VriesLês fierder