Ik haw krekt de link nei de saneamde Frysktalige “nijswebside” It Nijs fuorthelle út de “Blogroll” hjir rjochts op jo skerm. It Nijs is it online úthingboerd fan de Rie fan de Fryske Beweging. De idee derefter is moai: nijs rûnom út de wrâld beskikber meitsje yn it Frysk. De Fryske Beweging bin ik as Fryske skriuwer no ien kear mei anneks troch myn kar om yn it Frysk literatuer meitsje te wollen, en oer it ginneraal stypje ik fansels de “striid” foar mear en better Frysk. Mar de side It Nijs kin ik jo net langer oanriede om te lêzen.… Lês fierder