Yn de jierren tachtich fan de foarige iuw haw ik al ris mei it Europeesk Buro foar Lytse Talen (EBLT) in pear saneamde study visits nei Dútsktalich Belgje en Ierlân makke. Ek foar de Fryske Akademy kaam ik wol yn gebieten mei in minderheidstaal as Wales en Baskelân op skoallen, oerheden en by taalorganisaasjes. It wie neffens my no wolris ta om it tichter by hûs te sykjen, geografysk mar ek taalkundich, te witten yn Sealterlân dêr’t in sustertaal fan ús Westerlauwersk Frysk praat wurdt.
Lês fierder by Frisistyk… Lês fierder