Myn freondinne en ik, wy hâlde fan spektakel, fan teater en muzyk. Dus jimme sille begripe dat wy graach nei in opera gean. Wy hawwe troch de jierren ferskeidene sjoen. Opera’s fan Verdi, Mozart en neam mar op. It giet ús net gau te mâl. Sa’n Don Giovanni dy’t der mar op lost neukt, mar úteinlik op in aaklige wize oan syn ein komt, dat fine wy prachtich. Of nim La Traviata dêr’t de haadpersoan sjongend deagiet, it kin net moaier. Mei oare wurden wy kikke op seks en geweld.
Lês fierder by It Nijs… Lês fierder