Sa mar in útslach fan Europeeske ferkiezings

logo.ensafh

Juster wie ik it grutste part fan de dei yn tou foar de Europeeske ferkiezings. Ik wie wer lid fan it stimburo, hjir yn Grins. No sille guon fan jim tinke: saai en dreech, mar eink fyn ik it machtichmoai. De hiele dei de demokrasy tsjinje, in hantsjefol regeltsjes neilibje, oarder beweitsje, neutraliteit bewarje, freonlike petearkes mei stimmers en passanten. En dan de jûns de stimmen telle… dat dan alle ferskillende foarkarren fan de minsken dy’t delkamen, fan in bak fol blêden sortearde steapeltsjes wurde, en siferkes, en útslaggen. Yn in protokol wurde de siferkes dan fêstlein (en jitris fêstlein), en de papieren en sifers geane yn sluven en pûden.… Lês fierder

In kop as in almenak

logo.ensafh

As minsken in Fryske skriuwer tsjinkomme, miene in soad dat se tagelyk mei in Fryske lêzer fan komsa prate. Of better sein: in fertsjintwurdiger fan it seldsume ras dat álle Fryske boeken oereidet en om de wike nei winkel of biblioteek draaft om it nijste fan it nijste op te heljen. Doe’t ik okkerdeis mei ien stie te praten oer in bekend Frysk boek út de kategory ‘âlde meuk’ en ik frijwat behâldend besocht mei te eameljen, foel ik nei de fraach ‘Of Hawwe Jo Dat Net Lêzen?’ definityf troch de koer.

Lês fierder by Koos TiemersmaLês fierder