Stil is it

logo.ensafh

Stil is it noait ûnder de linebeammen en op de pleinen mei platanen, maitiidslongen swier fan blêd, altyd is der leven, yn de stêd fan mannich folken libbet de geast fan frijheid, stean de wurden de demoanen en barbaren nei it winteljen fan in tiid. Ien folk, ien ryk, ien lieder, it is al lang foarby yn de stêd dêr’t de boeken baarnden, lykas letter de paleizen en de hûzen, doe´t it kwea yn de bunkers it fjoer fan de apokalyps oer it minskdom sprate.

Lês fierder by Wobbe AtsmaLês fierder

Marten Clant, in Fryske histoaryske roman út 1870

logo.ensafh

My foel okkerwyks it foarrjocht ta diel dat ik boeken útsykje mocht út de neilittenskip fan Dick Eisma (1941-2011), frisist en ûnderwiisman. Eisma hie troch de jierren in grutte samling frisistyk en Fryske romans by-inoar garre. Ien boekje út de bibleteek fan myn âld-learaar — as brêgeklasser hie ik yn 1994/1995 ien oerke wyks Frysk fan Eisma — wol ik jo yn dit blôchke foarstelle. It is in boekje, dêr’t ik sels net fan wist dat it bestie: Marten Clant, ef de Swerveling fen Boxum. Historisk-Romantisk Forhael fan P. Bleeksma.

Lês fierder by André LooijengaLês fierder

Wyn en fearren – Fryske wynenerzjylobby op paad mei spegel en kraaltsjes

logo.ensafh

It grutste fergriem oan mienskipsjild yn de skiednis fan dit lân. Dat skriuwt Pieter Lukkes, âld-heechlearaar ekonomyske geografy oan de RUG yn Grins oer it nut en de needsaak fan wynenerzjy. Den Haach is dwaande mei in 60 miljard kostjend wynenerzjybelied, de folsleine útfiering derfan smyt lykwols net mear op as 1,9 persint fan it totale enerzjyferbrûk. Wilens rint in grut en machtich leger oan lobbyïsten foar wynernerzjy de mûle oer fan ‘duurzaamheid’ en ‘duurzame energie’, sûnder dat fan it belied sels in deeglike en goed ûnderboude analyze bestiet. Lukkes oer de gefolgen fan de praktiken fan de wynmolemaffia: ‘Horizonvervuiling, dode vogels en vleermuizen, verrommelde landschappen, geluidshinder en door windenergie en ontwrichte samenlevingen zijn géén bouwstenen van de duurzame samenleving.’… Lês fierder