Niis wie ik hjir yn Grins by in lêzing fan Hans Pleschinski, in ferneamde Dútske Schriftsteller. Moarn 13 maaie sil er, nei it skynt, noch in lêzing hâlde yn Ljouwert. By de NHL sil dat wêze — it krekte tiid & plak wit ik net krekt (nuverdernôch fûn ik sa gau op ynternet net in oankundiging). Pleschinski lêst foar en praat oer syn nijste roman: Königsallee. It boek is tige de muoite wurdich, giet oer Thomas Mann, oer de weropbou fan Dútslân nei de oarloch, oer kultuer, humaniteit, Bildung, fersoening en de leafde, en oer de grutte (manlike) leafde yn Thomas Mann syn libben.… Lês fierder