Nei in pear dagen hie ik him al út. Dat dikke debútboek fan Ale S. van Zandbergen. Neat gjin ‘slow reading’, sa’t op de achterkaft stiet! Dit is in boek mei in ferhaal dat jin stadichjes by de strôte pakt. Of eigentlik binne it twa bizarre ferhalen, mei om bar ien haadstik en in datum yn de titel. De struktuer liet my tinke oan Paadwizer, de twadde roman fan Eelkje Tuma. Ek yn Littenser Merke komme de ferhalen pas oan de ein byinoar en it ferbân bliuwt hiel lang ferburgen.
Lês fierder by Simen Schoustra op sirkwy.nl… Lês fierder