Omrop Fryslân, hoe lang noch?

logo.ensafh

Dy horizontale progamma’s? Alle dagen itselde? Wêr binne de moaie ferhalen oer fuotbal yn de 6e klasse bleaun? De F’kes? Wêr is de brede diskusje oer literatuer? Wêr is de krityske noat oer de polityk? Wêr binne de tiden bleaun dat Steateleden mei it swit yn de hannen nei de studio kamen om op it harspit lein te wurden? O, ja, we wurde der troch betelle, dus mar tuike tuike… De dea yn de pot, dus.

Lês fierder by Ferdinand de JongLês fierder

Bon(ari)us

logo.ensafh

Hy sei it goed: ‘Fries blijft lijdend’. Wat kin sa’n man der moai by komme, net? Is er ek foar oannommen fansels, oars hiene se der wol ien as d’oare kloat del set.

Lykwols, heal Fryslân falt sawat oer him hinne. De slimste argewaasje ha de (meast) mantsjes fan ItNijs. Jim witte wol: dat krantsje fan de Djipfriezen. Ik sil hjir mar net del sette hoe’t se oer Bonarius tinke, se binne net wizer.

Lês fierder by DaamLês fierder

Twataligens

logo.ensafh

In pear dagen lyn seach ik op It Nijs in berjochtsje foarby kommen dat ús Omrop twatalich wurdt. No ja, dat sei haadredakteur Diderik Bonarius. “Om in grutter publyk fan nijs te foarsjen oer Fryslân”. Op ‘e radio hearde ik dat er gjin Frysk praat om’t it te dreech wêze soe. No binne der al jierren kursussen by de Afûk om ús taal yn ‘e macht te krijen, mar alla.

Lês fierder by Kitty MadisonLês fierder

Horror

logo.ensafh

Kommende freed ha wy de Fryske Horrortour yn Bitgum. Yn Ons Huis om krekt te wêzen.
Ik ha dêr in hiel soad sin oan en mei my ek noch wol party oaren.
De Horrortour is fan útjouwerij Regaad yn Grins en wy krije in jûn fol mei grouwgriizjende ferhalen, bloedstjurjende muzyk en mooglik ek noch wol it ien en oar oan wille.
Fansels moat der foar sa ’n jûn wat reklame makke wurde.

Lês fierder by Martsje de JongLês fierder