Mûskestil wie it publyk fan Geart Tigchelaar en Willem Schoorstra justerjûn yn de sositeit fan studinteferiening Bernlef yn Grins. Yn swarte pakken liezen de skriuwers grizelferhalen út eigen pinne foar. Yn in tsjustere romte stiene se efter rigen flakkerjende kearskes, tusken wyld kringeljende reek (út in masine) en lieten de omtrint tritich harkes huverje by aventoeren dy’t har beide yn in kelder ôfspilen.
Lês fierder by It Nijs… Lês fierder