It is alwer in moai skoft lyn, de tiid dat Fryske skriuwers keppele waarden oan in Fryske muzikant, om tegearre rûnom Fryske biblioteken en doarpshuzen ûnfeilich te meitsjen. Sa kaam it dat ik, it sil om 2006 hinne west hawwe, mysels weromfûn oan ’e side fan Ernst Langhout, dy’t yn dy jierren namme makke mei oersettingen fan lieten dy’t earder troch Bob Dylan (Ernst tsjutte him steefêst oan as ‘Bob Zimmermann’), ta de ivigens yn songen wiene. Dy oersettingen, makke troch Harmen Wind, foelen der wakker yn, ek by my, dat ik wie o sa fergulde mei de kar dy’t it Fryske Boek makke hie.… Lês fierder