KH2018 en de Stellingwerven

logo.ensafh

Juster wie yn de biblioteek fan Easterwâlde de feestlike útrikking fan de Stellingwarver Schrieveri’jpries 2013. Ik wie frege om yn de sjuery plak te nimmen, mei Abel Darwinkel en Peter Riksma. Dy lêste wie foarsitter en lies in moai rapport foar oer it winnende ferhaal fan Sjoukje Oosterloo-Tiesinga. Carolien Hunneman wie spesjaal út Finlân oerkaam, dêr’t se wennet, om muzikaal de jûn oan te klaaien, in taak dêr’t se mei har moaie harksankjes tige yn slagge.

Lês fierder by Ferdinand de JongLês fierder

yn stien

logo.ensafh

De mins steapelt syn skiednis yn lagen fan ieuwen opinoar. Jagerskampen waarden doarpen en doe steden, bouwurken namen yn omfang en oantal ta. Mar fan oarsprong en opbou is yn it slimste gefal faak mar in bytsje oer. Om de spoaren nei it ferline sichtber te hâlden binne foar de restanten musea oprjochte. Yn sa’n sammelplak stap ik willekeurich troch de biten en brokken fan de tiid.

Lês fierder by Wobbe AtsmaLês fierder