Guon oait bekende minsken wurde wei yn ’e skiednis. Nim no Allard Thomas Dijkstra út Bitgum, berne 5 july 1864.
Hy waard yn Bitgum de lieder fan in groep revolúsjonêre sosjalisten dy’t mienden dat de earmen it rjocht yn eigen hannen nimme mochten: it “Nim- en Yt-rjocht”. Dijkstra is yn it omtinken bleaun as ien fan de trije mannen dy’t de werklike dieders west hawwe soene fan de ynbraak by boer Haitsma yn Britsum yn de nacht fan 5 op 6 desimber 1895 – de ynbraak dêr’t de bruorren-Hogerhuis út Bitgum de skuld fan krigen.
Lês fierder by Abe de Vries… Lês fierder