Der wurdt hjoeddei wakker omstind op de manier om de Fries safier te krijen en lês ris wat faker in Frysk boek. Fral nei it weiwurden fan de Sutelaksje is it hurd gien mei de delgong yn de ferkeapsifers. Om it gat op te foljen waard Boeken fan Fryslân yn it libben roppen, kompleet mei webside. Tonnen binne der yn stutsen, want alles foar de Fryske taal. Wêrom’t dat jild net bestege wurde koe oan it warbere en ûnderwilens yn Tresoar opbiere Fryske Boek is my in riedsel, mar sa stadichoan fernuverje ik my nerges mear oer.
Lês fierder by Koos Tiemersma… Lês fierder