Tresoar – Het Verdriet van Friesland

logo.ensafh

Wêrom trouwens net ‘man en paard’ te neamen as elkenien wit om wa’t it giet? Kom der mar yn Wieke de Haan of Theo Kuipers of Teake Oppewal, amtners en beropsfriezen dy’t bytiden al mear as in desennium of soms wol twa desennia op harren burostoel sitte… of lit Tresoar-direkteur Bert Looper even in Facebook-akkount nimme. Dan hoege de ‘fazanten’ ek net mear te draven om him yn te ljochtsjen oer wat der no wer te rêden is yn the continuing sad Frisian story.

Lês fierder by Eeltsje HettingaLês fierder

Boekemerk en de Gysbert

logo.ensafh

Myn útjouwer belle my op. Wat ik 12 oktober fan doel bin. Dy datum stiet al in skoft yn myn digitale bûsboekje, want dan is de tradysjonele boekemerk yn Drachten. Treffe jo aardige minsken en klinke jo yn kafee Marktzicht op de minne ferkeap en de goede kontakten. Al mei al in dei om net te missen.

Dy boekemerk is mei oprjochte troch in gewisse R. van der Velde. Hee, dy namme ha ik wolris faker heard, sille guon fan jim sizze. Ja, dy skreau ek wolris wat. Hat er sels in kear in priis foar krigen. De Gysbert.

Hee, de Gysbert?… Lês fierder

Flaggen en strontskippen

logo.ensafh

Se binne der yn soarten en maten, flaggen. Flaggen foar provinsjes, stêden, gemeenten, doarpen, gehuchten en wiken. Se hingje ek rûnom, yn daksgoaten, oan hiemstekken en op strontskippen. Der wurdt flagge by houliken, begraffenissen, by it heljen fan diploma’s en by feestlikheden lykas it keatsen yn Frjentsjer, in keuring mei Fryske hynders op Blauhûs of in derby tusken de baltsjeskopploegen It Hearrenfean en Cambuur.

Lês fierder by Eeltsje HettingaLês fierder

Besprek Jaap Krol ‘It fûgelgebed’

logo.ensafh

Yn de nije ferhalebondel, It fûgelgebed, fan Jaap Krol (1970) steane suver altyd personaazjes sintraal dy’t yn harren eigen universum libje. “De ferhalen yn dizze bondel gean oer minsken dy’t sykje wat se fine, mar net altyd fine wat se sykje”, sa’t it skreaun is op de efterflap. Krol hopet troch it beskriuwen fan dy universums tichteby de personaazjes te kommen en sadwaande it hert fan it ferhaal te reitsjen.

Lês fierder by Meindert Reitsma op de side fan de Moanne… Lês fierder