Wout wurdt grut yn in húshâlding dêr’t in protte foarlêzen wurdt. No hâldt Wout ek fan boeken lêzen. Mar sûnt syn fyfde, doe’t er letters op skoalle learde, skriuwt er sels boeken. Nûmer achttjin komt deroan.
Wout: ‘Ik begûn mei in ferhaaltsje oer Mûske Muis. Ik koe doe noch net sa goed skriuwe, mar tegearre mei mem makke ik myn earste boekje mei tekeningen. Der komme ek oare figueren yn it boekje foar, sa as Uilebuil, en Beertje. Beertje is ien fan myn knuffels en hat mar ien earm. Mar de kracht dy’t oars yn de earm sitten gongen wie, is no nei syn fuotten en nei syn brein streamd.… Lês fierder