“Jij stinkt en je moeder ook”, typt in lulk jongfaam op har laptop. De adressant is in blier jongfaam (itselde jongfaam), dat as influencer ‘bjoetie’-tips jout. Dit komt út in licht-pedagogysk tv-programma fan de VPRO. It hat wis en wrychtjes humor, mar wol in komplekse humor, sa’t it liket.
“Do stjonkst” is net aardich. De muffe mof stonk yn de santjinde iuw al op ‘e planken fan it toaniel, lykas de poep yn ‘e skearwinkel by de Halbertsma’s yn de njogentjinde iuw. Benammen fan frjemden en bûtensteanders waard froeger sein dat se stonken. Yn bepaalde fermiddens hellen grutte manlju har knyft foar it ljocht as ien har mem misledige.… Lês fierder