De oergong

logo.ensafh

k lies in stik oer de oergong en dêr waard ik net bliid fan. Ik fiel my hielendal net âld, ik bin noch mar 42 jier mar dy ferrekte oergong komt faak tusken de 46 en 56… oh oh! En de list mei klachten is net mislik:
Opfleaners, emosjoneel, droege en slappere hûd, tinner en slapper hier, mear hier op fuotten, boppelip en kin, kilo’s derby, dikke búk, slappere boarsten, droege eagen, heger wurdende bloeddruk, min sliepe, botûntkalking…

Lês fierder by Hilda TalsmaLês fierder

It Skriuwersboun, de help-Pyt fan Jannewyt

logo.ensafh

Ien foardiel foar it bestjoer: mei wat kreatyf riddenearjen kin de ynfojûn ferkocht wurde as sawol in ynventarisearjend (wat fine ús leden?) as in ynformearjend (wêr giet it presys oer?) ynstrumint. De leden litte har lykwols sok sân net yn de eagen struie en sille de temagearkomste by de namme neame: sa’n jûn is foar it bestjoer benammen in ferlechje om syn eigen stilte fan in moanne mei goed te praten. Alles om mar gjin stânpunt yn hoege te nimmen.

Lês fierder by Abe de VriesLês fierder

It Staverkadaver – ‘It is gjin polityk bedriuw blikstjinders’ – Part II

logo.ensafh

It is lykwols bespotlik dat de Fryske Akademy dy’t al in jier te set wie mei de staveringswiziging no pas mei in harksitting op ‘e lappen komme sil om te hearren wat it fjild fan har plannen tinkt, wylst, noch folle beroerder, oer dyselde staveringsferoaring, ein april, yn de Steaten al in (advys-)beslút naam is. Mmm…. sa’n gong fan saken, it hat de politike alluere fan in bananerepublyk.

Lês fierder by Eeltsje HettingaLês fierder

Besprek ‘de krêftproef’

logo.ensafh

Boersma skriuwt de lêste tweintich jier oan in opfallend konsistint oeuvre, yn it earste nûmer fan literêr tydskrift Ensafh fan dit jier hat Bouke Oldenhof dêr in moai en nijsgjirrich stik oer skreaun. Oldenhof omskriuwt de tematyske konstanten sa: “It ferlet fan ôfsûndering fersus it ferlet fan kontakt, it isolemint en de stilstân tsjinoer de dûns.” (s. 46) Neist dy tematyske konstanten brûkt Boersma ek konstanten yn syn styl: syn proaza kin omskreaun wurde as fragmintarysk: koarte, poëtyske sinnen en haadstikken.

Lês fierder b y de MoanneLês fierder