Der wie ris in frommeske fan 21 jier en twa manlju wiene fereale op har. De iene wie in man yn ’t pak. Hy wie kreas, slank, sportyf en fertsjinne jild as wetter as belizzer by in grutte bank. Dat die er sa goed, de bonussen groeiden him op ’e rêch, gjin see wie te heech en gjin kadootsje foar syn famke te djoer. Hy naam har mei út iten yn syn Audi A6 nei de djoerste restaurants, skonk har de bêste wyn en hold galant de doarren foar har iepen. Hy sei faak dat se sa moai wie en as er mei har trouwe soe, krige se alles wat se winske.… Lês fierder