Trije wike lang mei ik as Fryske skriuwer ferbliuwe yn de arke fan skriuwer Rink van der Velde (1932-2001). Dat idyllyske arkje, dêr’t Rink sels graach wie om oan syn romans te wurkjen, wurdt alle simmers befolke troch Fryske skriuwers. No mocht ik dus ek. Ik wurkje hjir oan myn debútroman en oan in stikmannich gedichten. Omjûn troch de rêst en it wetter fan it natuergebiet de Alde Feanen.
Ut en troch ferlit ik it skriuwersparadyske foar in útstapke. Juster bygelyks, doe’t ik mei it Fryske poëzykollektyf Pauper optrede mocht op Ruigoord. Dat is in keunstnersdoarp by Amsterdam. Alle pinksterwykeinen wurdt dêr it festival Vurige Tongen holden, alhiel wijd oan dichtkeunst en it sprutsen wurd.… Lês fierder