Moat it no altyd wer útdraaie op in poeppraatsje?”, reagearre âld-Dichter fan Fryslân Sigrid Kingma op in resint Facebookberjocht. De freeds hie ik de stêd yn west en dêrnei hie ik der thús in stikje oer skreaun. Do makkest wat mei sa ûnderweis, mar yndied, it einige mei in observaasje fan in ferrassing op de stoepe. In hûn (ik seach him en syn baaske krekt de bocht om toffeljen) liet in soevenier efter foar ús hûs. Dat nim ik sa’n bist net kwea-ôf. Dat it baaske neat yn ’e gaten hie (of krekt die as hie se neat yn ’e gaten – se waggele as in ûndeade achter har telefoan oan) besocht ik om mei net al te folle oardiel wer te jaan.… Lês fierder