Moai stikje yn de media oer Jeen van den Berg, in pear wike lyn. It gie oer fanatisme, oer it jinsels hielendal weisiferje kinnen, it opsykjen fan de boaiem fan jins krêft en úthâldingsfermogen en dêr dan noch ûndertroch te kinnen ‘mei it ferstân op nul en de eagen op ûneinich’. Dêr moat men karakter foar ha, oars wint men gjin Alvestêdetocht. Soks moat oanberne, wat sei, oererve wêze. Ik ha Van den Berg meimakke op It Hearrenfean as trainer by KV Blauw Wit en as learaar op skoalle. Fansels seagen we allegearre by ús held op, mar it wie ek in o sa sympatike man en dy kombinaasje is altyd wer in ferrassing.… Lês fierder