Omdat ik gjin rydbewiis ha, is it in hiel oe heden om op Twadde Krystdei fan Ljouwert nei Surhústerfean te kommen. Earst mei de trein nei Bûtenpost, en dan mei in Opstapper (minstens in oere yn it foaren skilje) it lêste stikje. Yn de trein kin ik wol moai lêze, ik ha Fol gas sudenop fan Jelle Kaspersma (1948-2019) mei. Al gau stopje ik it bondeltsje yn de rêchtas, benaud om it stasjon wer ris te missen.
Op it stasjon in frou dy’t nei Surhuzum moat en in heal Nederlânsk, heal Ingelsk pratende Afrikaan dy’t yn Koatstertille wurket. Hy is benaud dat er syn buske mist hat en syn telefoan is op.… Lês fierder