In kollega op ’e Fryske Akademy frege my nei oanlieding fan de fynst fan in kacheltsje fan it Poptaslot fan Marsum oft ik de ûndertitel “mar wêr binne de oaren keard?” wol bêst genôch fûn. Ik hie der gjin problemen mei, mar bin fansels kleure troch de regio dêr’t ik opgroeide en de hast acht jier dat ik al yn de Fryske akademyske rûnten meidraai. Neffens rabbeltsjes yn ’e kuiergongen seach de korrektor fan ús provinsjale stjoerder wol swierrichheden, en it grutste part fan de online redaksje dêre lyksa. Jout fansels neat, mar it is wol deeglik geef Frysk. Dêr wol ik yn dit stikje efkes oer op ’e tekst.… Lês fierder