De kafees en hotels sûgje har fol wylde dichters,
mar dy nimme, alles sizzend, sa min mooglik romte yn.
School zonder tranen – Brieven van de familie Troelstra aan Paul Geheeb, 1904-1906 is gearstald troch Sieger Vreeling, dy’t yn 2024 en 2025 as Fellow fan Tresoar ûndersyk die nei Nynke fan Hichtum.
Yn syn ûndersyk lies Vreeling de brieven dy’t Sjoukje Bokma de Boer (Nynke fan Hichtum) en Piter Jelles Troelstra skreaunen oan de Dútske pedagooch Paul Geheeb, direkteur fan de foarútstribjende kostskoalle yn Haubinda dêr’t harren soan Jelle twa jier ferbleau.
‘Dy earme jonge,’ tocht Vreeling geregeld by it lêzen. ‘Dan bist in jier as trettjin en sitst op in jongeskostskoalle yn Dútslân. Fier fan hûs, kenst de taal net…’
Lês fierder by Frisistyk… Lês fierder
Yn 1956 is de earste grutskalige taaltel-enkête ferskynd oer de taalferhâldingen yn Fryslân: Boelens en Van der Veen, De taal van het schoolkind in Friesland. Cijfers en beschouwingen. Leeuwarden 1956. Histoarikus Oebele Vries, earder ferbûn oan it Frysk Ynstitút yn Grins en tsjintwurdich gastûndersiker by de Fryske Akademy, wit noch goed hoe’t dat ûndersyk by him op de legere skoalle yn Driezum ôfnommen waard. Hy siet doe yn de tredde klasse. Syn master frege de learlingen oft sy thús Frysk praten of wat oars. Alle 45 learlingen joegen neffens Boelens en Van der Veen harren rapportaazje ‘Frysk’ oan. ‘Ik wist dat de mem fan ien húshâlding Kollumers prate, mar dat is yn de opjefte fan Driezum net werom te finen.… Lês fierder
Oeps, dat was een beetje dom. Ik was afgelopen zaterdag wel in de boekwinkel, een Friese boekwinkel, maar ik ben gewoon vergeten om een boek te kopen. En zo kwam ik er zaterdagavond achter dat ik dus ook niet het Fryske Boekewikegeskink gekregen had. Ik was zaterdag 8 november 2025 namelijk niet in de boekwinkel vanwege het begin van de Fryske Boekewike, maar omdat die boekhandel op de dag af 100 jaar bestond. Jazeker, Boekhandel Muizelaar in Koudum is op 8 november 1925 begonnen door de toen 35-jarige bakkerszoon Willem Muizelaar.
Lês en sjoch fierder by Brekt… Lês fierder
It nije ûnderkommen foar de ûlen hie ik tegearre mei myn grutte broer yn ’e beam by de buorlju skroeve. It wie in kreas en skoander hok wurden, al sis ik it sels. Sa as besteld, twa sliepkeamers, en in feranda oer de hiele breedte. Ik wie miskien in bytsje trochslein wat de details oanbelange. Der sieten frijwat wat rútsjes yn, fleurige blombakjes oan ’e bûtenkant, in skoarstientsje op it skeve dak, in soarte fan keuken mei kastkes en op in lyts kookeilân bakjes mei ôfbyldings fan mûskes op ferskate gruttens. Flauwe grapkes fansels, mar ja, je moat josels wat fermeitsje kinne om it grau yn ’t libben minder griis te meitsjen.… Lês fierder
It Waar
Gjin rein, gjin wyn
gjin wolken, gjin sinne,
it ljocht hinget swier
yn in mistgerdyn.
Lês fierder by Wobbe Atsma… Lês fierder
En laat Koudum nu maar liefst drie keer genoemd worden in een splinternieuwe Friese roman! Dat boek is zo nieuw dat het nog niet eens verschenen is, maar op 10 november 2025 in Leeuwarden gepresenteerd wordt. Het boek, Geller, is geschreven door Gabriëlle Terpstra. Haar eerste boekpublicatie, Tsjintwurdich is alles better, met gedichten en spoken wordteksten verscheen in 2024 en is door lezers en recensenten goed onthaald.
Lês fierder by besprekker Jelle van der Meulen op Brekt… Lês fierder