Kollum Hein Jaap Hilarides: Trainkaartsy

logo.ensafh

Ik sat in ’e train. Ik reed fan Luwt na Swolle. Rechtsachter mij sat ’n man. Hij had ’n dikke, swarte jas met ’n groate kapusjon an. De man had donker haar en ’n swarte snor en kort beerdsy. Hij sliep. Ik lâs de krant.

De kondukteur kwam del. Wij reden midden deur de groene waaies tussen Grou en Akkrum. De kondukteur froeg at de man ’n trainkaartsy had. De man begreep de kondukteur niet. Heel beleefd froeg de kondukteur nag ’s naar ’t kaartsy.

Lês fierder by It NijsLês fierder

Frysk rymwurdboek knap stik wurk

logo.ensafh

Noch krekt foardat Sinteklaas wer yn it lân oankaam, is der in rymwurdboek foar it Frysk ferskynd. It sil foar de âldman in útkomst wêze, mar ek foar syn helpers en al dy oaren dy’t har teksten yn rymfoarm op papier of skerm oerbringe wolle. Oant no ta moasten de Fryske rimelders it sûnder sa’n helpmiddel dwaan. Dat makke it rymjen net ûnmooglik – al dy steapels Fryske dichtbondels binne der in bewiis fan – mar sa’n wurdboek jout jin wol mooglikheden dêr’t men earst net op sind hie. Teminsten, ik hie sa gau net witten dat net allinnich hymje en lymje rymje op rymje, mar ek flymje, grymje, kymje, slymje, stymje, strymje, swymje, tymje en trymje.… Lês fierder

Blog Koos Tiemersma: Aai

logo.ensafh

Wat in hearlike column: ‘Baarn deryn’ dêr’t Martsje de Jong ús op traktearde, wát in befleinens foar ús Fryske literatuer. Ik krige it der waarm fan, en dat net allinnich, de oprop oan Fryske skriuwers om der ris fiks yn te kletsen liet my net los. Wat soe it moai wêze as my soks ris barre soe, in roman of bondel dêr’t elk it oer hat, dêr’t de nekhierren by guon sa fan oereinkomme dat ik ‘aaien tsjin ’e ruten’ krij, in stik skriuwen dat ús eigen literatuer op ’e kaart set.

Lês fierder by Koos Tiemersma

 … Lês fierder

Podcast Jong Fryske Mienskip: Henk Wolf

logo.ensafh

De Jong Fryske Mienskip hat in podcast pilot makke wêryn wy mei sân gasten prate oer ferskate ûnderwerpen oangeande de Fryske taal, kultuer en identiteit. Wy hoopje dat jimme der in soad harkwille oan belibje. Yn ‘e auto, wilens in kuierke of mei byld derby lekker op ‘e bank: lit it us witte via de soosjals mei stekje: #JFMpodcast.

Yn dizze fiifde ôflevering is taalkundige, dosint en skriuwer Henk Wolf te gast. We prate mei Henk oer in mooglik minder bekend ûnderwerp: it Sealterfrysk. Dêrnjonken ha we it oer minderheidstalen, ‘politiekerig’ opkomme foar dyn taal en it mienskiplike gefoel fan sprekkers fan minderheidstalen.… Lês fierder

Blog Sigrid Kingma: Ofskied

logo.ensafh

Noch in pear oeren, dan sit it derop. Myn praatsje leit foar my. Ik bin der klear foar! It gat dat dalik komt, sil ik omearmje. Sa tink ik der no alteast oer. Tiid om al dy boeken te lêzen dy’t ik mei de lekkerij troch de hannen hân ha. Nije skriuwprojekten lizze al te wachtsjen, mar ik wol my fuort net wer te drok meitsje. Earst mar efkes in wike lummelje. Foar it Skriuwerskafee ha ik grif de pinne wol wer pakt. It is in moaie stok efter de doar om wer wat te skriuwen.

Lês fierder by Sigrid KingmaLês fierder

Kollum Arjan Hut: De skurve wierheid

logo.ensafh

Op de foarside fan in nasjonale krante wurdt in bekende politikus oanhelle, dy’t seit dat er leaut yn konflikt as polityk model, yn stee fan konsensus. It liket my ek folle minder ynspannend om ûntefreden minsken nei de mûle te praten en lilke minsken op te naaien as mei-inoar ta in oplossing te polderjen. Op de man spylje, net op de bal, mei oanrin en de noppen foarút der fol yn!

Lês fierder by It NijsLês fierder