It moast der in kear fan komme: ôfskied nimme fan myn âlde fertroude Philips radiomeubel. Sa retro en vintage as hjoed oan de dei mar mooglik is. In deeglike ikenhouten kast, moaie rûne hoeken, poerbêst yn ’e lak en mei efter in brede klep in prachtige pick-up, sa’nien mei in nulle dy’t inkeld platen op de folle 78 toeren draaie koe. Hiel wat jierren lyn haw ik it ding in kear útinoar helle om der nij lûdsprekkerdoek yn te setten, mar it wer yninoarsetten wie der hieltyd by bleaun. No koe it al hielendal net mear, want ik miste in pear knoppen, wat stikjes hout en, nei’t ik de lêsbril opset hie, bliek ek it toutsje stikken nedich foar it ôfstellen fan de stjoerders.… Lês fierder