Kollum Jaap Slager: Iensumens

logo.ensafh

Ja, ik haw altyd al wat singelier west.
Eartiids krige ús mem bygelyks maten fan my om ’e duorren: oft Jaap ek meikaam. No, ús mem wist dat ik nea fier wêze koe. Want as ik in boek beneist kommen wie, dan siet ik op myn souderkeammerke of ik lei yn ’e hingelmatte yn ’e tún. Dat lêste soe no net mear kinne, want dy beide apelbeammen soene mei de krunen tsjininoar slaan, as se it al op fuotten holden.
Ik wit eins net oft ús mem doedestiids noed stie foar my en myn sels ferkeazen paad fan sosjale isolaasje. Dat wie neffens har faaks net hielendal sa’t it hearde.… Lês fierder

Wiep Koehoorn oer ‘Testamint fan de siel’ fan Hylke Speerstra

logo.ensafh

Ferhaallinen
Yn 2021 publisearre de Fryske skriuwer Hylke Speerstra (1936) syn Frysktalige boek ‘Testamint fan de siel’.
Dizze roman oer ‘it grutste tafal fan ‘e wrâld’ befettet nammen fan personaazjes, die fingearre binne, en hat ek in tal âlde foto’s en sfeartekeningen as illustraasjes.
En yn it jier 2023 ferskynde der in Nederlânsktalige oersetting fan dit boek, fan de skriuwer sels, dat as titel krige: ‘Testament van de ziel’.
Op 10 febrewaris 2023 wienen Durkje en ik te gast by de boekpresintaasje fan dizze oersetting.
It boek hat in feskaat oan ferhaallinen, dêr’t it heden en it (fiere) ferline knap troch inoar hinne skreaun binne.… Lês fierder

Op syn idioatysk Frysk. Taalkundige analyze fan it ‘Idioticon Frisicum’(1806) fan Everwinus Wassenbergh

logo.ensafh

Op 9 oktober stie myn artikel Op syn Gryksk op Frisistyk. Dat wie basearre op de lêzing dy’t ik op de Dei fan de Fryske taalkunde (6 oktober ll.) holden haw oer de ynfloed fan de Schola Hemsterhusiana op de taalresepsje fan Everwinus Wassenbergh-en-dy, de heechleararen Gryksk en oare akademisy yn de achttjinde en de earste helte njoggentjinde iuw. It gie om in histoarysk-taalsosjologyske analyze troch close-reading fan fral Wassenbergh syn ‘Inleiding’ by it Idioticon Frisiscum of Woordenboek van bijzonder in Friesland gebruikelijke Woorden en Spreekwijzen. Dat Idioticon wie as wurdboekje bedoeld dat in spesifyk Fryske bydrage jaan moast oan it noch te meitsjen grut algemien wurdboek fan it Nederdútsk. … Lês fierder

Afûk-meiwurker Elisabeth Abels: “Wy meie wol wat grutsker wêze op it Frysk”

logo.ensafh

Afûk-meiwurker Elisabeth Abels-Gorter hopet dat Friezen wat mear mei it Frysk doare. “Wy sizze gau: ‘doch mar gewoan, dan dochst al gek genôch.’ Mar it is moai om dat wat ús unyk makket, mear sjen te litten.”

Abels (48) wurket yntusken trije jier foar Afûk. “Yn de leukste en moaiste Fryske boekhannel fan de wrâld. En de iennige ek noch.” As haad is sy ferantwurdlik foar de meiwurkers, telefoan, ûntfangst, ynkeap en it assortimint. “Wy binne it fisitekaartsje en it foarportaal fan de Afûk.”

De Afûk hâldt him dwaande mei taalpromoasje en -oerdracht. Mei learmiddels, kampanjes, kursussen, beliedsadvys, mar ek mei de boek- en kadowinkel yn Ljouwert.… Lês fierder

Kollum Arjan Hut: Hjoed wie it hjerst

logo.ensafh

Efkes de hûs út, efkes de kop leech. Doch de hurdrinnersskuon oan en draaf de stêd út. Rjochts it kanaal, links Cammingabuorren. De sinne skynt, in lytse oaze yn it oars suterige waar. Under de kanaalwei troch, hjir en dêr puozzen dêr’t ik krekt wol, krekt net oerhinne hippe kin. Minsken litte de hûn út, of de partner, ja, in soad steltsjes op jierren.

De rûte haw ik yn it foaren úttocht, wit hoe lang ik hjoed drave wol. By de Nije Wielen draaie en as ik dan wer werom by it startpunt bin, kin ik moai de lêste pear hûndert meter útrinne, ôfkuolje en thús ûnder de brûs.… Lês fierder

Blog Klaas van der Hoek: It poesyalbum fan Klaaske Anema

logo.ensafh

NRC Handelsblad wie mar ien fan de kranten en omroppen dy’t begjin 2002 kritykleas omslikken op wat it Histoarysk Sintrum Ljouwert optsjinne hie. ‘Gedicht Mata Hari gevonden’, kopte de krante boppe in berjocht oer de fynst fan in poesyalbum mei dêryn in bydrage út 1888 fan de doe alve- of tolve­jierrige Margaretha Zelle. Hoe no, hie de lettere femme fatale behalven dûnseres ek dichteres west?

Lês en sjoch fierder by KonsenyljeLês fierder

Kollum Henk van der Veer: “Magere Hein”

logo.ensafh

Ik Bin nyt un echte Boomer, al hew ik su langsamerhaan wel un bos gries haar. Mar der binne mear as 50 tinten gries. Su werk ik nòch altyd. Wêrom? Omdat ik ut simpelwech joppech fyn.

Ut bereiken fan’e AOW-leeftyd was foar mij gyn reden om út te skeien met ut werk. At anderen ut nyt sêge, dan doën ik ut self wel: Werke houdt mij jong! Ik bin nyt de enege, su las ik foarege week op un nieuwssite: Su’n 223.000 minsen werke nòch, nadat se 67 jaar òf ouwer wurden binne. Tien jaar earder waren der nòch mar 105.000 bliekt út’e statistieken fan ut CBS, en mete is wete.… Lês fierder