It jier fan de oaljefant
Nei de publikaasje fan myn eigen longlist (sjoch myn blog hjirfoar) krige ik op Facebook en ek yn de kuiergongen aardich wat respons. Suggestjes, ynstimming, fraachtekens, allerhanne reaksjes kamen foarby. Sa waard gauris wiisd op oare boeken dy’t maklik op myn list stean kind hiene. En it is wier, der hie folle mear by kind. Wêrom ha ’k dat net dien, wêrom it iene boek al en it oare net?
Nochris: de gearstalling fan myn longlist is net mear as in rychje boeken dy’t kwa ûnderwerp, styl of om oare redenen opfalle, mear net. In kwaliteitsoardiel is it yn alle gefallen net, dan hie myn longlist der wierskynlik krekt wat oars útsjoen.… Lês fierder