Ook boeken van Agatha Christie aangepast wegens aanstootgevend taalgebruik

logo.ensafh

Verschillende romans van Agatha Christie zijn bewerkt om mogelijk aanstootgevende taal te verwijderen, zoals beledigingen en verwijzingen naar etniciteit. Het gaat om onder andere passages in de bekende detectives over Hercule Poirot en Miss Marple, die Christie tussen 1920 en 1976 heeft geschreven.

Zogenoemde sensitivityreaders hebben de boeken ontdaan van taal en beschrijvingen die het moderne publiek aanstootgevend vindt, schrijft de Britse krant The Guardian.

Lês fierder by Nu.nlLês fierder

Kollum Jan Schokker: Foarâlderlike fûgels

logo.ensafh

Dizze kear komt de oanlieding út in fier en noch fierder ferline. Foar in ferhaal oer ús heit moast ik my ynlibje yn syn jeugd. Dan prate wy oer de tweintiger en tritiger jierren fan de foarige iuw, yn en om it Mildaam fan tusken wâld en wetter: dat smûk poartewachtersdoarpke mei de klapbrêge krekt op ’e grins fan it Frysk en it Oertsjongersk. Heit syn ferline kaam ta my yn ’e foarm fan net allinne fergiele foto’s út grize famylje-albums, films yn swart-wyt en telefyzjeprogramma’s op YouTube, mar ek en foaral troch dy iene side op it ynternet dêr’t men oant omtrint de midsiuwen al jins mear of minder familiêre ôftakkingen fine kin: familysearch.org/nl.… Lês fierder

Blog Koos Tiemersma: Kribels

logo.ensafh

Seksuele foarljochting oan bern yn it basisûnderwiis, ik ha my der jierren skuldich oan makke. Want dat wie sawat misdiedich, as ik de roppers en razers op de sosjale media teminsten leauwe mei. En dan is ‘misdiedich’ noch in understatement, want der binne der dy’t, oanfjurre troch de leagens fan Baudet en konsorten, it hurdwurkjend personiel yn it ûnderwiis sûnder mei de eagen te knipperjen yn ferbân bringe mei pedofily, dé swipe fan ultra-rjochtse komplotwappys om oaren te diskwalifisearen.

Lês fierder by Koos TiemersmaLês fierder

Slagge gearkomste Obe Postma Selskip mei skriuwer Oek de Jong

logo.ensafh

It Postmaselskip like my op stjerren nei dea, mar dat pakte oars út. Sneontemiddei 18 maart waard yn Tresoar in nijsgjirrige middei organisearre mei skriuwer Oek de Jong. Geart de Vries hold in fraachpetear mei him oer it Fryske lânskip yn syn wurk.

Skôging troch Pier Bergsma

Sneintemiddei 19 novimber 2006 waard yn Koarnwert it Obe Postma Selskip oprjochte. Dêrnei folgen jierlikse stúdzjedagen en in reiske dy doarpen en plakken lâns dêr’t Postma op de ien of oare wize mei ferbûn wie. Dy reiskes wiene foar de measte leden, alteast foar my, in gesellich hichtepunt. Underweis waarden gedichten fan Postma foarlêzen troch Aly van der Mark, wylst Klaas Bruinsma silger oan ’e ein fan it reiske in selsmakke gedicht foardroech oer de reis dy’t wy krekt makke hiene.… Lês fierder

Peuter uit Sellingen weigert Gronings te praten: ‘Het is maan!’

logo.ensafh

‘In het Nederlands zeggen we maan, maar in het Gronings zeggen we moane,’ legt Anika Luth uit aan haar 2-jarige zoontje Levi. ‘Nee!’ roept hij hard. ‘Het is maan!’
Op de eerste dag van de Grunneger week bezoekt het team van het tv-programma Expeditie Grunnen de familie Luth in Sellingen waar Levi Groningstalig wordt opgevoed. Maar dat gaat niet helemaal vanzelf.

Lês en sjoch fierder by rtvnoordLês fierder

Blog Sigrid Kingma: Projektmaitiid

logo.ensafh

Wat ha ik in wille fan de projekten dy’t ik as Dichter fan Fryslân dwaan mei. De skoalbesites sitte der hast op. Dy wienen allegear hiel ferskillend. De bern fan Libbenewiis hawwe harren eigen draai oan de moarn jûn, guon mei in foardracht, oaren mei it skriuwen fan in gedicht. Yn Blauhús ha we troch te filosofearjen oer lok in klinkend ferske makke. Yn Sint Anne en Jirnsum ha we sinteklaasgedichten skreaun. De jongste bern yn Bakkefean ferrasten my mei treflike personifikaasjes yn gedichten oer fruit. Burum wie wakker djipsinnich mei freonskip oan de gong der’t we mei werhelling en skrassen boarte hawwe.… Lês fierder