Justerjûn tsjin tolven seach ik op de tv in ôflevering fan Ancient Aliens op History Channel. Yn dat programma wurde archeologyske fynsten besjoen yn de kontekst fan de fraach oft se fan bûtenierdske komôf wêze kinne. It antwurd is yn Ancient Aliens altiten: yes!
Tûzenen jierren âlde stienformaasjes, oerbliuwsels fan stêden op de boaiem fan de see, klaaifigueren dy’t op astronauten lykje, oarsprongsferhalen út ferskate godstsjinsten, in oare ferklearring as kosmonauten bestiet yn Ancient Aliens net. Sels Erich von Däniken komt op argyfbylden foarby. Hy is de skriuwer fan it boek Waren de Goden kosmonauten, dat ik as puber ris liende fan in hippy.… Lês fierder