– Hoe is it mei de wein, Keimpe?
Jouke de Groat wist persiis hoe’t er Keimpe Piters Dykstra op ‘e lije side oankomme moast.
Dan kaam ús pake glunderjend oerein. Want it petearret it noflikst as men it ûnderwerp yn it each hat, no? En dan stiene beide mannen foar it rút nei bûten te sjen – ús pake mei it boarst foarút, hannen op ‘e rêch, sa grutsk as in stoaterske hoanne, en De Groat mei de hannen yn ‘e bûse en mei tewille ‘Soa!’ en ‘Nee, wol?’
Ut en troch kaam der in hân fan ús pake nei foaren en omheech om syn wurden wat mei te jaan.… Lês fierder