Witst noch, de tiid datst oan ien tried troch oan ’t lêzen wiest? De wrâld en al it oare koene foar dyn part troch it wetter sakje, salang asto dyn boek mar útlêze koest. Om fuort dêrnei oan in nije te begjinnen. Dy iene foto, datst as skoaljonge yn swimbroek en mei sokken oan yn ’e sinne sietst te lêzen.
Witst noch, de tiid datst dy sa oan it ferwûnderjen wiest? Fan it iene yn it oare, der wie altyd en oeral mear te witten. Fan Carl Sandburg nei dyn syn sweager Edward Steichen nei dyn syn fiere neef Kerouac: rolling stones, sa’tst it beneamde yn ien fan dyn withoefolle brieven nei Amearika.… Lês fierder