In netwurk om it Sealterlân hinne
Der wie yn 1955 amper in skriuwtradysje yn it Sealterlân en hielendal gjin ûnderwiis yn it Sealtersk. De Sealters koene wol wat help fan har bruorren yn it noarden en westen brûke.
Om dy reden fierde Pyt Kramer yn 1956 in korrespondinsje mei Goasse Groustra (Tresoar, 1956a-c). Groustra wie ommers in sintrale figuer yn it ynterfryske fermidden. Hy koe de plakken en de minsken fan Noardfryslân út ‘e pinne, omdat er dêr alle jierren mei syn bus hinne reizge. Pyt Kramer beseach Groustra blykber as in ferbinende skeakel tusken it Sealterlân en “Midfryslân” (Westerlauwersk Fryslân), want “jo ha mei de Grutfryske reizen ek wol it Sealterlân oandien”, skriuwt Kramer yn april 1956.… Lês fierder