Kollum Jan Schokker: Blautoskûle

logo.ensafh

Guon saken dy’t wy tsjintwurdich hiel gewoan fine, binne yn samar in oar perspektyf net sa normaal. Want wat is eins gewoan en wat noch normaal?

Lêstendeis tikke der sûnder ophâlden wat op it rút fan ús sliepkeamer, mar derút woe ik noch net. Utsliepe is miskien te folle sein, mar yn dizze tryste dagen fan desimber mei ik o sa graach in healoerke langer lizzen bliuwe. It tikjen lykwols waard fûler en fûler, hystearysker sels, dat ik moast der wol út. Doe’t ik de lamellen iependraaide seach ik dat gjinien oars as ûle Elske ferantwurdlik wie foar de ierbetide oerlêst.… Lês fierder

Blog Hanneke de Jong: Moedfearren

logo.ensafh

Ut en troch hingje se, dy moedfearren fan my. Doe’t ik miende dat ik it nije jier ynstappe soe sûnder de help fan de fysio om’t ik nei alle operaasjes, renovaasjes en frustraasjes safier wie dat dat koe. It koe net. It kin net. Want: corona.

Sûnt corona yn it lân is gean ik noch nei twa adreskes: myn masseur om de lea wat soepel te hâlden en de fysio dy’t my yn ‘e sportskoalle helpt om myn kondysje op peil te krijen, en, ek hiel belangryk, de balâns wer te finen. Want dy wie, doe’t de triedsjes fan de lêste knibbel trochsnien wiene hielendal fuort.… Lês fierder

Kollum Gerard de Jong: Bedraigde soort

logo.ensafh

Albatrossen binne trouwe, monogame feugels, maar de leste jaren skaide se faker. Ik most ok even in de ogen wrive, maar ’t is echt soa. Normaal gong soa’n 1 prosint fan de paren útnander, foornaamlik at ’t niet lukt om nageslacht te krijen. Maar ’t persintazy is bij sommige populasys de ôflopene 15 jaar oplopen tot 8 prosint.

Lês fierder by Stichting Bildts AigeneLês fierder

Oersettingen Ingeborg Bachmann: ‘De opskoarte tiid´ en oaren

logo.ensafh

De opskoarte tiid

Der komme rouwer dagen.
De ta neier oarder opskoarte tiid
wurdt sichtber oan de kimen.
Aanst moatsto dy de fiters strikke
en de hûnen weromjeie nei de kwelderpleatsen.
Want de yngewanten fan de fisken
binne kâld wurden yn de wyn.
Earmoedich brânt it ljocht fan de lupinen.
Dyn blik lûkt spoaren yn de dize:
de ta neier oarder opskoarte tiid
wurdt sichtber oan de kimen.

Lês fierder by oersetter Klaas van der Hoek

Sjoch hjir foar mear Bachmann-oersettingen fan Klaas van der Hoek… Lês fierder