De opskoarte tiid
Der komme rouwer dagen.
De ta neier oarder opskoarte tiid
wurdt sichtber oan de kimen.
Aanst moatsto dy de fiters strikke
en de hûnen weromjeie nei de kwelderpleatsen.
Want de yngewanten fan de fisken
binne kâld wurden yn de wyn.
Earmoedich brânt it ljocht fan de lupinen.
Dyn blik lûkt spoaren yn de dize:
de ta neier oarder opskoarte tiid
wurdt sichtber oan de kimen.
Lês fierder by oersetter Klaas van der Hoek
Sjoch hjir foar mear Bachmann-oersettingen fan Klaas van der Hoek… Lês fierder