De iene boekpresintaasje is de oare net. Guon witte jo net in soad mear fan, oaren sille jo foar ‘t neist noait wer ferjitte. Sa’nent hie ik hjoed. Op It Hearrenfean.
It Hearrenfean en ik, dat akkordearret net rjocht. De foarige kear dat ik dêr wie siet ik yn in hiel ferkearde seal fan Thialf, dat wie by de presintaasje fan De Tredde Perioade. Hjoed moast ik yn Belvédère wêze. En omdat ik gjin Tom-Tom ha hie ik dat efkes besjoen op de side fan it museum sels. Oan de ein fan ien strjitte wie in grut parkearterrein. Dat gong fierder prima, ik wie moai op ‘e tiid mar doe’t ik de saak ris beseach like it my fier genôch rinnen.… Lês fierder