De lêste tiid hearre we hieltyd faker dat minsken it oer ‘footprints’ ha. Dat is Ingelsk. Yn it Hollânsk wurde dat ‘voetprints’ of better sein ‘voetafdrukken’. Yn it Frysk: ‘fuotprinten’. Sa giet it mei wurden foar ynternasjonale begripen. Dat is hjir dus oan ’e oarder. As we prate oer fuotprinten, dan ha we it oer hoe’t we mei de ierde omgeane. Ik moat sizze dat ik my oant no ta yn wurd en betsjutting net bot ferdjippe hie. Dat feroare doe’t ik earne lies dat men jins eigen fuotprint berekkenje kin. Dy berekkeningen binne dan rjochte op de CO2-útstjit. Ik ha besocht de eigen fuotprint te berekkenjen.… Lês fierder