As ik Frysktalige nijsartikels lês, dan falt my hast alle kearen wer op hoe’n grut nivoferskil oft der tusken it iene stik en it oare bestiet. De ferskillen binne folle grutter as tusken samar twa Nederlânsktalige stikken.
Dat is op himsels net sa gek: it Frysk mei as literatuertaal dan in aardige tradysje ha, as sjoernalistike taal moat it him noch ûntwikkelje en dat makket dat sjoernalisten sels nije paden troch de taal fine moatte om nijtsjes te fertellen. Dat freget om kreätive feardichheden dy’t se net op skoalle leard ha – en de ien is dêr fan natuere betûfter yn as de oar.… Lês fierder