It is ferskuorrend om te witten wat der yn de wrâld omgiet. Ik tink dan oan natuerrampen, oan pandemyen en oan oarloggen. De lêste wiken stiet de ferlerne oarloch yn Afganistan sintraal. Alles wat misgean koe, gie mis. Sa liket it alteast. De westlike legers mei Amearika foarop woene dêr nei tweintich jier wol wei. Der wie oerlis mei it Afgaansk regear en der kaam in planning. Ein augustus soene de frjemde legers it lân ferlitten ha. Wa’t ferwachtingen hie fan it Afgaansk regear rekke eins daliks al teloarsteld. It regear koe de âlde fijannen lykas de Taliban en IS net de baas.… Lês fierder