Liuwe van der Meer: It fertriet fan ‘e Ommelannen

logo.ensafh

Wy hawwe te fytsen west yn’e Ommelannen, fan Middelstum oan’t Holwierde en fan Seeryp oer Westeremden nei Loppersum. In prachtige streek, dit âlde “Fryslân tusken Lauwers en Iems”. Ja, jo moatte de bewenners gjin Friezen mear neame, de stêd Grins hat harren sa de harsens spield dat se no leauwe Grinzers te wêzen, mar de plaknammen en ek de persoansnammen binne winliken sa Frysk as ik wit net wat, op it rouboerd fan Derck Clant Heer van Hancema tot Zuithorn yn’e tsjerke fan Seeryp stie dúdlik dat er “joncker ende hovelingh, grietman in Oosterdeel Langewolt” wie, grietman, hoe Frysk wolle jo it hawwe?… Lês fierder

Wêrom hat Fryslân gjin eigen kultuerfestival?

logo.ensafh

In wike lang stiet de Welshe taal, kultuer, literatuer en muzyk sintraal op it festival Eisteddfod, dat ferline wike organisearre waard en it grutste kulturele festival fan Europa is. Wêrom hat Fryslân eins net sa’n festival?
Keunst, kabaret, dûns, lêzingen, workshops, taalkursussen, teäter, nim it mar op. En dat allegear yn it Welsh. Eisteddfod is tige populêr ûnder jong en âld en luts dit jier mear as 150.000 besikers.
Dêrby wurdt it festival alle jierren op in oare lokaasje yn Wales organisearre, sadat it foar eltsenien tagonklik is. Spesjaal foar de jongerein wurdt op in oar momint yn it jier noch los it Urdd Eisteddfod holden.… Lês fierder

Blog Johan Veenstra: Moard oan ‘e Monsmawei

logo.ensafh

Vanaovend is in Berkoop in et kader van Eupen Stal et pergramme Piano & Poëzie. Ik hadde daor an mitdoen zuld, mar de dokter in et ziekenhuus raodde me dat vleden weke of. Ik mos eerst wat beter anstarken veurda’k weer optredens doen zol. Et spiet me slim veur mezels en de meensken die me daor vanaovend verwaacht hadden. Ik hebbe begrepen dat Christine Mulder daor now wark van mi’j veurlezen zal. Et wodt grif wel een hiele mooie aovend.

Lês fierder by Johan VeenstraLês fierder

André Looijenga: Santjin nije Midfryske teksten

logo.ensafh

Wat is eins it ‘Midfrysk’? En watfoar teksten waarden der yn dy taal skreaun? In krekt ferskynde lytse samling ‘nij ûntdutsen’ Midfryske teksten jout dêr in moaie yndruk fan.

Ut en troch komme der noch ûnbekende teksten oan it ljocht yn it Frysk fan trije- of fjouwerhûndert jier lyn. Yn it nijste nûmer fan it wittenskiplik tydskrift Us Wurk stiet in bydrage fan Philippus Breuker mei santjin Midfryske teksten, dy’t sûnt 2008 bekend wurden binne.

Lês fierder by FrisistykLês fierder

Kollum Gerard de Jong: Systeem

logo.ensafh

Donderdeg is de dokumintêre ‘Zoekjaar’ te sien (NPO2, 22.10 uur). Filmer Joris Koptod Nioky folgt de Sinese kûnstner Lingyun. Lingyun het ’n ferbliifsfergunning foor hoogoplaiden anfroegen in Nederland. Hij krijt ’n jaar om ’n baan te finen; slaagt dat niet, dan mot hij weer fertrekke. Lingyun is performance kûnstner. Syn kûnst is per definisy onfoorspelber, hij weet sels niet wat ’t risseltaat weze sil. De dokumintêremaker noemt ‘t in de VPRO Gids ‘’n kwelling en ’n segen’.

Lês fierder by Stichting Bildts Aigene Lês fierder