De Twadde Wrâldoarloch sil foar altyd in plak ha en hâlde yn de Fryske literatuer. It ferskaat is grut. Ik hoech mar nammen as Tiny Mulder, Anne Wadman, Rink van der Velde of Hylke Speerstra te neamen om dat dúdlik te meitsjen. It hat der alles fan dat de ein noch net yn sicht is.
Dêr stie ik noch net sa bot by stil doe’t ik de trilogy oer Doutzen lies: Om Doutzen (2013), Doutzen ûnder fjoer (2015) en Doutzen yn swier waar (2019). Dy trilogy waard skreaun troch Rommert Tjeerdsma en útjûn troch de KFFB. Koartlyn ferskynde dêr opnij sa’n boek: Koartsluting op it Swynserhûs (2021), it debút fan Klaas Elgersma.… Lês fierder