Okkerwyks ha ’k it yn in kollum hân oer wurdsjes mei in ‑d‑ efter de ‑r‑ (raarder) en de fakultative ‑d‑ efter de ‑l‑ (mâler of mâlder) en de ‑n‑ (tinner of tinder). Ik keppele dat ferskynsel doe oan de eigenskipswurden en de trije treppen fan ferliking dy’t dêrby hearre. Tagelyk murk ik op dat de foarkarswurdlist de foarmen sûnder ‑d‑ foar kar nimt, wylst foarmen mei in ‑d‑ no krekt yn de praktyk hieltyd faker brûkt wurde. Ik neamde doe ‑better- en ‑betterder- as in moai foarbyld. Wa’t net mear krekt wit wat ik sein ha, moat dy kollum der noch marris op neilêze.… Lês fierder