Ik fyn it wol moai dat we net folle oars kinne as ynsette op it eigen gea. Dat we net oars kinne, hat fansels alles te krijen mei koroana. Der wurdt likefolle as oars en faaks noch wol mear praat oer fakânsjes. De ynhâld fan de petearen is diskear oars en dat wie ferline jier eins ek al sa. It giet der no oer oft men wol in reis boeke kin. Oft men wol reizen nei fiere lannen meitsje kin, nei lannen oan de Middellânske See of by need nei lannen oare kant de grins. Guon beslute daliks en gean mar net.… Lês fierder